februari 21, 2024
fan ûnbekend*
Ezechiël
Sa’t Tyrus as in skip stekt
boppe alles út, sa is syn farren
foar de hannel oer de see;
dat skip is troch de folken makke
fan materiaal om foar te gean…
hoe lang wurdt dit skip sparre?
Fan Tyrus foeren skippen
oer de weagen haven yn en haven
út foar hannel op elk stee;
de skippen hiene ’t rom fol keapwaar:
sulver, koper, izer, tin en lead
en boppedat fol slaven.
It skip fan Tyrus stekt net
langer boppe alles út, syn farren
is foarby, fergien is ’t skip
mei skipper en tal fan matroazen;
folken fan de seekant rouwe om
dit lot, gjinien waard sparre.
* Yllustraasje ‘Skip fan Tyrus’
oktober 9, 2024
oktober 5, 2024