Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Rafael fertelt

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Rembrandt en Salomon Koninck*

Lit Rafael no mar fertelle
oer in ingel op ‘e wrâld op reis
om beide, heit en soan, te helpen:
‘Wis, ik ha net iten ûnderweis,
in ingel drinkt út himelsk welle.

Mei iepen eagen hjir op ierde
rûn ik mei jim op om oan te sjen
hoe’t Tobit skrepte foar de minsken,
sa hat hy de eachopslach ferlern,
mar God seach oan syn goede dieden.

Mei Tobias ha ‘k ûndernommen
wat foar hannen wie op ’t libbenspaad;
de fisk om ’t kweade te ferdriuwen:
lever, hert en galle joegen baat,
it libben waard troch God ferromme.’

De mannen lieten har doe falle,
fol respekt foar ingel Rafael.
‘Oerein,’ sei dy, ‘om God te loovjen!’
Fuort wie hy yn minder as in tel,
earbiedich bûgden beide hollen.

Image

* Rembrandt (1606-1669)
en Salomon Koninck (1609-1656)
Skilderij ‘Rafael giet by Tobit wei’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum