Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Profeet en falske profeten

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

Ik hearde fan de Hear noch mear:
‘Se sparje harren skonken net,
ha nocht oan swalkjen, witwêr…
Ik bin lykwols dêrmei klear.
Dyn bidden foar dit folk hat west,
Ik hoech de offers ek net mear,
ferdylgje sil Ik har troch
oarloch, honger en de pest.’

Ik hearde ’t oan en ha doe sein:
‘Och God, myn Hear, sa sil it net,
want de profeten sizze
’t folk wurdt net troch lijen slein.’
De Heare naam doe wer it wurd:
‘Profeten profetearje falsk,
sy sille sels omkomme
troch de oarloch en it swurd.’

Doe hearde ik by einbeslút
dat oeral minsken leine, want
gjin lyk waard noch begroeven…
stoarte God it kwea sa út?

* Yllustraasje ‘Swalker yn de mist’



Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum