Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Petrus by it roer

Bibelbylden

fan Gustave Doré*

Dêr sit ik wer op ’t âlde plak
en ha it roer yn hannen,
net dat ik no stjoere hoech,
ús boat leit hjir foar blak,
want Jezus preket op ’e boech.

Mei kloften kaam it folk nei ’t strân,
grif ek út oare lannen,
allegear nei Jezus ta,
it hold foar him gjin stân,
hy woe ús boat de mar op ha.

Dat ik siet daliks oan it roer
om fan de kant te stjoeren;
Jezus sit no op ’e boech,
syn wurden komme oer,
mar sjoch, guon hâlde it net droech.

Dy komme net allinnich foar
it wurd, mar ek foar ’t better
wurden, lykas hy dat kin,
mar wurdt it wer te bar,
dan hat dit plak hjir ek gjin sin.

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Jezus preket út in skip wei’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum