Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Oarlochsretoryk

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

It leger fan foarst Sanherib
marsjearre nei Jeruzalem,
de stêd moast komme yn syn grip
nei’t klonken hie foar ’t folk in stim:

Fertrou net mear op farao,
Egypte is in bamboestok
dy’t boarret troch jim hân,
dus harkje skerp, ik sis jim no:
nim net dy gok.

Fertrou ek net mear op jim God,
Hy bringt ferdjer yn plak fan lok,
ús foarst slacht mei syn hân,
dus harkje skerp, want jimme lot
is net in gok.

It folk dat op ‘e muorre stie
fan Davids stêd Jeruzalem,
wist ien ding wis, Hizkia’s rie:
hâld yn betwang jim moed en stim.

Image

* Prisma mei de tekst fan de dieden
fan kening Sanherib fan Assyrië

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum