Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Mjitline

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

De Iene liet Sacharja sjen
wat Hy fan doel wie yn it tiidsferrin,
in ingel spriek dêrby it wurd,
sa kriich it byld in djippe sin.

Ik sloech de eagen op en seach
in man, hy hie in line yn de hân;
ik frege wêr’t er hinne gie
te mjitten yn ’t ûnthjitten lân.

Syn antwurd sloech net op it lân,
mar op ‘e timpelstêd, Jeruzalem,
hoe lang en breed dy stêd wol wie,
de ingel sei: ‘Sis do tsjin him
it hat gjin doel, syn mjitterswurk,
omdat de stêd gjin muorre nedich hat,
de Iene jout syn fjoer as stie
sa’n muorre dêr, wiswier dat bart.’

Image

* Plattegrûn fan it âlde Jeruzalem 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum