november 4, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
Wol harkje nei in heftich kleiliet
dat oer de foarsten giet fan Israel,
foarearst oer in liuwinne
soargjend foar har jongen.
Ien fan de jongen dy’t se grutbrocht,
waard sterk, fong proaien, friet sels minsken op,
mar hy soe it net winne,
waard troch folken fongen,
doe nei Egypte brocht.
Neat koe sy fan dat lân ferwachtsje,
dat al har hoop ferfleach, har jongste brocht
sy op as in liuwinne
dy’t ek minsken fongen
hat, sels in stêd lei sy
al brinzgjend del.
De folken hawwe doe besletten
dy liuw mei net har eigen gong mear gean,
dus mei elkoar dêrhinne,
út is ’t mei har jongen,
nei Babel mei dat bist,
dêr yn de sel
opslute!
* Foto ‘Liuw’
oktober 9, 2024
oktober 5, 2024