fan ûnbekend*
Wol harkje nei dit needberjocht,
jim âlden, soannen, allegearre,
gjinien hat oan it slimste tocht,
fan honger sil it folk noch stjerre.
De loft is tsjuster troch de swaarm
fan hippers dy’t it fjild ôffrette
en boppedat is ’t skroeiend waarm,
gjin wetter stiet mear yn de sleatten.
De ierde komme skuorren yn,
de beam lit al syn blêden falle,
it druvesop wurdt net ta wyn,
de pryster bûcht syn hjitte holle.
It moal foar ’t offer rekket op,
de drank streamt net mear oer it alter,
de timpel klaget mei gerop
foardat in deadske stilte falt dêr.
Gjin weidplak is der foar de kij
en skiep, se moatte it belije,
de wylde bisten gean foarby,
der is gjin fretten mear te krijen.
Wol harkje nei dit foarberjocht:
de oardielsdei stiet al op kommen,
doch rouklean oan en mij it ljocht,
dat God de Hear ús net ferdommet.
* Ut ‘Bijbelenzo’
Yllustraasje ‘Yn de geast fan de profeet’
|