Joäsj wie noch mar in bern
doe’t hy yn Juda kening waard
mei rie fan pryster Jojada,
tegearre folgen se Gods paad,
’t gie op in restauraasje ta.
Jojada seach it ferfal
rûnom, de timpel net it minst,
Jeruzalem moast oan de bou
mei jeften troch de prystertsjinst,
de tsjinners namen ’t net sa nau.
Nei de fraude kaam it oars:
it jild waard yn in kiste dien
en rekke mei kontrôle fol,
dêrfan betelle waarden hout en stien
en ek de bouwers, grut yn tal.
Joäsj seach it bouwurk oan
en liet him dêroer loovjend út,
hy wie in kening nei Gods hert;
in moard brocht oan syn libben ’t einbeslút,
op restauraasje sloech it net.
|