fan Lilian Broca*
Mordekai, famylje fan foarstinne
Ester, hearde fan de bloedwet ek,
as roukleed die hy oan in sek,
woe oars net as troch Sûsan rinne.
Ester waard oerstjoer doe’t sy it hearde,
stjoerde Hatak rap nei Mordekai,
mei fragen wêr’t it no oan lei,
miskien koe ien it folk noch rêde.
Mordekai koe Hatak alles sizze,
hoe’t foar Joaden ’t lân derhinne lei,
dat Esters libben stie ek faai,
sy moast it oan de foarst foarlizze.
Ester lykwols seach dy rie net sitten:
kaam sy samar foar de foarst syn troan,
syn septer rikte hy net oan,
dan koe sy har bestean ferjitte.
Mordekai waard lilk, liet Ester witte:
moatst net tinke datsto it wol rêdst
om stean te bliuwen, want foarfêst
bist dêr om ús bestean te litten.
Esters bloed kroep wêr’t it winlik hinne
moast: nei ’t folk dat libbe sûnder rom
en streamde ’t fuort, dan kaam sy om,
ien koe foar ’t folk it libben winne.
* Lilian Broca
Glêskeunstwurk ‘Keninginne Ester’
|