Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ien dy’t derfoar leard hat

Bibelbylden

fan Vincent van Gogh*

Net dat ik de wet net ken,
in libben lang ha ’k dêrfoar leard,
it gie my inkeld om it hifkjen
fan dy Jezus, sels in bern
wit fan God leafha en de neiste,
mar fierder dan?
Ik tocht, hy soe dêr wol oer wifkje,
want wa is de neiste?

Lykas seach hy my as bern
dy’t harkje moast nei in ferhaal,
sa liet er my syn útlis fiele:
’k moast it mei de eagen sjen
fan Joaden dy’t gjin neiste binne,
doe kaam it dan:
Samaritanen woene diele,
omdat sy it binne.

Dat ferhaal gie troch foar wet;
wylst ik de wetgelearde bin,
fernaam ik dat er my ek hifke,
mar ferjamme, ’t sil sa net!

* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘De barmhertige Samaritaan’

 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum