fan Johann Heinrich Schönfeld*
Do Karmel hast it wûnder sjoen,
bist flitsend op ‘e hichte rekke
fan de Iene dy’t it flamje liet,
de dei loek doe al nei de jûn,
ticht wiene alle Baälbekken.
Twa alters waarden op dy boud,
foar Baäl earst en foar de Iene
letter, dûbelop sa’t soks doe gie,
twa bollen waarden stikken houd,
dy’t foar de offerflammen wiene.
Do Karmel hast de prysters heard,
dy’t âlen om it fjoer fan boppen
fan har god, dy’t him net hearre liet
yn tongerklap, op fjurrich mêd
gjin nocht hie oan har hjitte koppen.
detail
Elia hast allinnich sjoen,
hy wurke earst mei streamen wetter
foar’t er frege oan de Iene fjoer,
de dei loek doe al nei de jûn,
de flammen lôgen efkes letter.
Do Karmel giest de hichte yn,
mar stiest ek stevich op ‘e ierde,
seachst hoe’t dûbelop wer ienheid waard,
de geast kaam op dy as de wyn,
dy’t fan de seekant rein oanfierde.
* Johann Heinrich Schönfeld (1609-1684)
Skilderij ‘Elia op de Karmel’ |