Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ferfal fan Samaria

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan James Tissot*

Image

Samaria,
it hert hast wolkeheech,
mar djip is dyn ferdjer,
’t ferskil is net te mjitten;
it kwea krûpt yn de smelste steech,
dyn pronkkleed dûnset troch de strjitten.

Samaria,
de berch sjocht op dy del
en wurdt geweld gewaar,
dat guod bringt nei dyn stinzen;
de riken meitsje earmen kjel,
sy gean fier oer de rjochte grinzen.

Samaria,
dyn stinzen rize op,
dyn wenten steane fêst,
dit alles sil ferfalle;
de púnheap hat noch wol in top,
mar nei dyn stinzen moatsto dolle.

Samaria,
dyn froulju lykje kij,
sa glânzet harren fel
op kosten fan de swakken;
har pronkkleed driuwt as wolk foarby,
it rôfdier krijt de kij te pakken.

* James Tissot (1836-1902)
Yllustraasje ‘Profeet Amos’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum