Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fan frjemd nei eigen

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Noch ien kear liet Hoséa hearre
wat de Iene ’t folk te sizzen hie
oer frjemd gean, wat syn frou ek die,
mar lang al wiene sy tegearre:

‘It folk gie frjemd, gjin rjocht en trou
wie jim mear eigen, ûngerjochtichheid
hat west de stroffelstien;
sprek no jim wurden fan berou
en wit wêr’t straks it foarlân leit:
it folk wurdt troch de Iene ien.

Yn ’t foarlân past gjin hynder mear,
de macht is troch de geast foargoed ferslein;
de Iene bloeit as blom
en beam de tiid troch mannich kear,
de fruchten groeie nei de rein,
dus komt it paradys werom.’

Sa hat Hoséa hearre litten
wat de Iene ’t folk te sizzen hie
oer eigenheid, nei ’t wurd de die,
it hôf fan Eden waard ûnthjitten.

* Ikoan ‘Hoséa’ 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum