Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De gekke fan Gadara

Bibelbylden

fan Rombout van den Hoeye
en Maerten de Vos*



Dêr bin ik wer, sa as foarhinne
doe’t ik noch myn eigen namme hie
en net as Legioen troch ’t libben gie,
fan binnen party stimmen dy’t my stjoerden,
’k wie mysels net, koe doe amper rinne,
mar dy iene stim ferstie
it stimmelegioen, it waard deastil,
ik hearde wol in do dy’t koerde,
wist my op dat stuit gjin rie,
omdat it legioen opnij begûn,
mar wol hiel oars, net in befel,
in smeken om bestean te bliuwen,
wer dyselde stim, dy’t fan har wûn,
se fleagen daliks út my wei,
it wie as kaam ik út ’e hel
mei duvels om my op te driuwen,
mar doe dreauwen sy de bargen op,
dêr’t dy stim har hinne stjoerde,
by de hichte del, de mar yn,
ik moat der net oan tinke
dat se my de mar yn jage hiene.
Ik wie stil, der klonk in rop:
gâns folk kaam op it barren ôf,
fan harren mocht gjin baarch ferdrinke,
mar mei myn sûnens kaam it net sa nau,
dat ik woe graach dêrwei en mei him mei,
o ja, fan Jezus wie dy iene stim,
mar hy woe ha, ik soe oan diskant bliuwe
om te sizzen wat hy die en sei.

* Rombout van den Hoeye (1622-1671)
Maerten de Vos (1531/1532-1603)
Yllustraasje ‘Genêzing fan de waansinnige fan Gadara’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum