Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Brief fan Jeremia

Bibelbylden


fan ûnbekend*
Jeremia

As sprekker bin ik wol bekend,
mar no moat ik ek skriuwe
oan de ballingen yn Babel,
fuortfierd út Jeruzalem,
dy moatte dêr foarearst noch bliuwe.

‘Bou huzen, jou jim dêryn del,
lis hôven oan foar fruchten
om yn Babel fan te iten,
trou mei froulju foar jim bern,
sy hawwe neat yn ’t lân te duchten;
jim bern ha dêr in goed bestean
om sels yn tal te winnen,
bernsbern sille derfoar soargje
dat de stêd it goed ha sil,
dan skynt foar jimme ek de sinne.’

De Heare joech my noch dit troch:
‘It lot sil ienkear keare
foar de ballingen yn Babel;
reizgjend nei Jeruzalem,
jout elkenien oan My de eare.’

* Ikoan ‘Jeremia’


Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum