november 14, 2022

Hy stekt syn skerpe snaffel út,
kin amper rêstich stean of gean,
it moat foar him hjoed barre,
steatlik set er stap foar stap
op ’e sneup nei bút.
Gek is er op in stikje fleis,
want fegetarysk smakket net,
dêr is er earrebarre
foar, it giet fan hap nei hap,
withoefolle deis.
Sy hâlde harren snaffel yn
en driuwe yn de eigen styl,
it mei har hjoed wol barre,
wêrom moat it altyd rap
mei net folle wyn.
* Foto ‘Earrebarre’
** Foto ‘Swannen‘

november 13, 2022

fan ûnbekend*
In frou fan kwizekwânsje,
sammelster fan kleare keunst,
sy wie net gau tefreden
oer it keunstich ûnderdak,
de arsjitekt ferlear har geunst.
Har rykdom joech garânsje
foar in libben yn ’t kwadraat:
har grûn fan kante meters
waard it museäle plak,
har park kaam ek noch op ’e kaart.
Har sakepartner Kröller
brocht syn jild en namme yn,
stie bûten de relaasje
fan syn frou mei pinnemaat
Van Deventer, oar praat wie wyn.
Har favoryt wie Hitler,
troch syn krêft wûn hy de geunst,
har lân waard wer in naasje
fan belang, grut op ’e kaart,
al wie it ek mei swarte keunst.
* Foto ‘It pear Kröller-Müller’