oktober 6, 2022
fan David Bailly*
Hy is sa âld as op ’t portret,
de skilder doe’t er jonger wie
mei yn de hân de lange stôk,
doe koed er noch syn slaggen slaan,
mar no’t er âld is, slagget him dat net.
De skilder hat yn ’t libben leard
dat hy net baas is oer de tiid,
dy giet foar elkenien syn gong,
dêr kin gjin minske wat oan dwaan,
lit stean dat hy syn libbensjierren keart.
Dus byldet hy it libben út
mei ’t soadsje dat op tafel leit:
de pearelketting en ’t papier,
de deadskop om sa oan te jaan
dat op ’en doer elk minskelibben slút.
It is mei sizzen net te dwaan,
sadwaande brûkte hy ’t pinseel
om oan te jaan de idelheid
as men mei sier syn slaggen slaan
wol, want dan slacht it samar troch nei waan.
* David Bailly (1584-1657)
Skilderij ‘Vanitas mei portret fan de skilder’
oktober 5, 2022
fan Ernst Alt*
Jeremia
It wie foar him in min berjocht
dat Jeremia hearde:
‘Wy sille dy profeet wol krije;
prysters jouwe ûnderrjocht,
profeten sprekke ’t wurd fan God
en wize mannen jouwe rie…
wy sille him net mije!’
It wiene wurden út ’e need
dy’t Jeremia hearre
liet: ‘Moat ik libje yn in kûle?
Trou wie ik Jo, as profeet
die ik in goed wurd foar it folk,
tink no oan hoe’t ik foar Jo stie,
jo wurd kaam út myn mûle.
Dus freegje ik… straf elkenien:
de soannen mei de honger
en lit de pest de manlju reitsje,
dat de froulju kleie stien
en bien, want iensum is har lot,
lit rôvers komme ta har die…
sy sille romte meitsje.
It is foar my in min berjocht
dat sy in kûle grave
om my yndie dêryn te krijen,
dus doch oan jo tsjinstfeint rjocht,
ferjou it ûnrjocht net, o Hear,
dat duorjend op my rjochte wie…
wol my fan har befrije.’
* Ernst Alt (1935-2013)
Tekening ‘Jeremia yn de put’