september 30, 2016
Wat djip lei yn de ierde, groeide út ta tuorrebout, dy’t yn de hichte fierde fleugelmêst, mar sûnder bout.
Wat djip stie yn de ierde, groeide út ta mêst fan hout, dy’t nei de hichte fierde ’t seil mei dynamyk fertroud.
Yn iere moarntiid stiene tuorrebouten en de mêst fan ’t aakje yn fergiene gloarje en folsleine rêst.
Har libben waard behearske troch in stadich gean leech by de grûn, in glêde streek as ’t flakke sok en einleas oan it gliden bûn.
Oant op in dei se glieden oer elkoar, in fruchtber stik omheech, foar har gefoel fan koarte doer, mar ’t brocht de omkear wol teweech.
De reade klaver waard de peal dy’t fierde har nei boppen ta, in iepenbiering foar de siel, in einich gliden foar dy twa.