Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Pakes

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1974

De earste wedstriid, ’t like min,
de loft wie boppe Grou noch grau
en joech syn wiete lading ôf,
mar doe’t de float lei foar de start,
hie heech en leech it nei it sin.

Image

Wat op it wetter ek net fart!
De skûtsjes easken wol har rjocht,
mar pake roeide foar syn nocht
yn griis kolbert en mei de pet
op, dat sa easke er syn part.

Doe raceden manlju fan de wet
oer weagen fan de Wide Ie
nei pake ta… wat hy dêr die.
It antwurd hied er kant en klear,
want oan de kant, dan seach er ’t net.

In oare pake hie ’t net mear
as skipper fan It Hearrenfean*
yn spanning en yn simmerklean
mar sûnder pet foer hy foaroan
en kriich rom baan en ek de ear.

Image

* Tjitte Brouwer

admin

Showe foar oranje

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1974

Image

It wie noch mar yn maaie
doe’t it twirre yn de skûtsjewrâld
fan sille wy oranje showe
dat ús skippen maklik draaie
by it Prinsehôf fan Earnewâld?

Gjin twirren doe’t se kamen,
gjin gewoan publyk op it terras,
dêr hoegden se net foar te showen,
lykwols soene se wol wrame,
’t seil derby en sjoch, dêr gie it los.

It pear, it is gjin leagen,
seach hoe’t skippers, oan oranje trou,
mei bolle wangen twirkes showden,
wylst it koar song fan de weagen:
‘Rôlje, rôlje om it âlde Grou.’

Image


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum