Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Starums see foar blak

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
It skûtsje-argyf 1981

Starums see, wêr bliuwt it rûzjen
fan dyn weagen mei in kraach fan skom,
dêr’t skûtsjes mei twa reven brûzje
of wurkleas lizze yn de slom.

Image

Want no leist foar blak derhinne,
wylst de skûtsjes smeke om wat wyn,
sa kin de krêft fan ’t seil net winne,
in hân triuwt dêr in rûnte yn.

’t Wite skip* litst flugger glide,
dat it leit wol acht minuten foar,
dyn kueren kin gjinien tsjin stride,
want wêrom hy en net in oar?

Image

Litst dyn kalme wetter brûke
foar wat hjit in krimpeksperimint,
in putsfol fluch nei boppen lûke:
De Jouwer yn syn elemint.

Sels bist ree om op te nimmen
ballêst fan de liuw, oerstallich sân,
om noch in plakje op te klimmen…
do Starums see, hoe hast it hân?

Image

* Lodewijk Meeter

admin

Wynkueren

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1981

De wyn kin alle hoeken fine,
draait ynienen yn it rûn,
sa boartlik as in jonge hûn
en lit him oan gjin skûtsje bine.

Image

Langwar syn Wiellen ha it witten
wêr’t de wyn de twirren lei
en hoe’t er gie syn eigen wei
mei as gefolch dat skippers switten.

It Grouster skûtsje heinde twirren,
naam yn ’t earste rak de kop,
doe hold de wyn ynienen op:
‘Joop Mink, do bliuwst in skoftke hjirre.’

Image

It Hearrenfeanster skip woe rinne,
kriich de wyn rjocht op ‘e kop:
‘Sis Tjitte*, wurdt it top of flop?
Okee, dan lit ik dy wol winne.’

It waard in spul fan gong of lizze,
rjocht fan foaren of deryn,
gjin skipper koe wat mei sa’n wyn,
dy hie it op Langwar te sizzen.

Image

* Tjitte Brouwer

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum