Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Kampioen mei pensjoen?

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1981

Image

Tjitte* hie it grif te sizzen:
‘Wurdt It Fean al kampioen,
ik fiel my dan net langer bûn,
bliuw noflik by it folchskip lizzen.’

Syn bemanning woe ’t net witte:
‘Mei de swurden yn de grûn
gjin gong en dus gjin kampioen,
dus bliuwt ús skipper fêst wol sitten.’

Op De Lemmer koe’t net misse:
Tjitte hie syn plakje fûn,
hy wie sawat al kampioen,
gjin oare skipper soe dat risse.

Needlot koe de kâns noch brekke:
’t lûde kreakjen fan de mêst,
wat like foar de fuortgong bêst,
moast Tjittes skipper-wêzen rekke.

Mei ien wedstriid noch te farren
stie It Fean wol seis noch foar,
dat Tjitte stelde net teloar
as oaren mar de punten garren.

Risiko koe ’t Fean net rinne,
woe it wurde kampioen,
gjin swurd kaam dêrom yn de grûn,
in fiifde plak wie lykas winne.

Winner fan de striid waard Siete**,
treastpriis yn in min seizoen,
mar bliuwend oan syn skûtsje bûn,
want skippers reitsje net fersliten.

Image

* Tjitte Brouwer
** Siete Meeter

admin

Gjin sier oan Wâldsein

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1981

Hoe sierlik kinne skûtsjes wêze
as de wyn de seilen spant,
de fokken by it reegean slaan,
de skûtsjes lizze op ien kant,
dat spieren moatte alles jaan.

Image

Sjoch hoe’t alle spieren spanne
as de mar de dûker winkt
nei wetter sûnder mar ien weach,
hoe’t hy nei ’t lamme skûtsje springt,
in bline flek foar ’t fjurrich each.

Image

Sjoch hoe’t alle eagen skôgje
op it hjitte achterdek,
want wat earst achter wie, komt foar,
gewoane skippers wurde gek,
de ien wit net mear fan de oar.

Image

Sjoch, hy sjocht it net mear sitten,
dêrom stiet er by de mêst
te sjen mei ’t swart foar it gesicht,
dus siket hy in rûn hâldfêst,
mar wit fan silen noch fan plicht.

Image

Hoe sierlik kin in hâlding wêze,
mar net sûnder bril en pet,
mei yn de iene hân de skoat,
de oare foar de sigaret,
de reek beweecht fan east nei noard.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum