Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Nostalgysk byld

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Dirk Valkenburg*

Image

It koe dêr wêze as yn Eden
sa’t it lân derhinne leit
mei beammen stribjend nei it blau,
nostalgysk byld, wa is ’t dy’t kleit?
De beammen rûzje fan de frede.

Sjedêr it ploechje yndianen
bûten, want it is net kâld,
ferdreaun fan ’t eigen grûngebiet,
nostalgysk byld, gjinien wurdt âld,
in nij bestean yn fêste banen.

En dêr de swarten, allegearre
bûten, want it is hjoed feest,
in fiering as op eigen grûn,
nostalgysk byld, moarn wer in bist,
bestimd om as in slaaf te stjerren.

Image

* Dirk Valkenburg (1675-1721)
Skilderij ‘Plantaazje yn Suriname’
Skilderij ‘Plechtichheid fan negers’

admin

Leaver dea as slaaf

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Francois-Auguste Biard*

Image

Hie hy net better stjerre kind
yn ’t eigen oerwâld mei de keatting
oan de lea?
De grûn wie elke stam bekend,
in mylde dea.

Hie sy net better deagean kind
op ’t ûnderdek wylst weagen sloegen
troch de lea?
Se rekke oan de see nea wend,
wie sy mar dea.

Hie hy net better deaslaan kind
de keapman dy’t syn lea betaaste
as in bist?
Hy wie net blanke kloeren wend
en hie net mist.

Hie sy har net tekoart dwaan kind
nei hûndert klappen fan de swipe
mei in list?
Sy hie har baas, dy goare fint,
foar ivich mist.

* Francois-Auguste Biard (1799-1882)
Skilderij ‘Bylden oan de kust fan Afrika’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum