Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Earen foar de noed

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Noch jong, mar dochs al jierren út ‘e dop
en fleanend oer it wetter,
ûnderfining foar wat letter
fljocht noch hegerop.

Image

Ynienen los it roer en rjocht oerein,
ferheard yn ’t each de fierte,
fûgels dy’t fan fleanen witte,
hoe ek ûnderlein.

Image

Want ûnder ’t wjukjen leit no bûnt en bleat
har skaai yn kâlde doppen,
noch te ier om te beroppen,
kriezjend: ’t giet ferkeard.

Image

Noch jong, mar dochs al earen foar de noed,
want: ‘Pake, ’t wurdt al letter,
foar de miuwen is ’t ek better.’
Pake fûn it goed.

admin

Oan de wâl

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hoewol’t de himel ’t wrâldfolk melde
– bin jim lytsens wol bewust
ferlike by de gong fan ’t swurk –
wie ien ding dat foar harren telde:
libbensfeart giet om it hurdst.

Image

Se sniene oan op harren rûte
boeien messkerp foar de rest
dat bloed ferkleure ’t stielen wurk,
mar nimmen tocht oan skuld of boete,
inkeld klonk soms lûd protest.

Image

Doe op ‘e grins fan tongertiden
wiisden leaden loften mâl,
de swiere klap kaam op ‘e durk;
it wie de ein fan al har striden,
lamslein lizzend oan de wâl.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum