Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Fiif generaasjes

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1990

Image

Alde Eildert wie de stamheit
fan ’t ferneamde Meeter-laach,
mei earmoed yn ’t begjin fertroud,
as skipper heinend elke flaach,
it moast foarút, it leafst nei goud.

Loadewyk foer al as jonkje,
wist fan skriuwen minder as
fan ’t skuorren oan de fokkeskoat,
yn flaachjes liet er justjes los,
hold fêst as skipper yn de float.

Jonge Eildert naam de helling
oer, want heit hie ’t wol besjoen,
en einlings ek it skûtsjeroer
nei’t Huzum waard grutsk kampioen;
de soan wie rêstich, heit faak poer.

Doe begûn de generaasje
fan de jonge Loadewyk:
sjedêr al wer in skûtsjesoan,
gjin goud, mar wol in skipper ryk,
want Meeters leauwe ek yn moarn.

Image

admin

Kaviaar

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1990

Image

Alex* koarre argewaasje,
’t wie de man mar min nei ’t sin,
dus moast it ta op in beslút,
mar earst derút syn yrritaasje:
‘Sels tefolle kaviaar,
komt minsken ta de strôte út!’

’t Hiele jier troch skûtsjesile
is in skipper wol nei ’t sin,
mar wie it goed foar it publyk?
Dat wist op ’t lêst net wat der spile:
‘Wer dy seilen op ‘e mar,
wy rinne ús de skonken bryk!’

Mar it hold wol fan sensaasje,
’t siet der elke wedstriid yn
dat wiffe skûtsjes sloegen om,
foar Alex wie it argewaasje,
foar ’t publyk de kaviaar,
dat lake him de strôte krom.

Image
Ut ‘Skûtsjesilen’ fan Lieuwe Pietersen

* Alex Brinksma, foarsitter fan de SKS

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum