Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Febrewarisdei

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De winter loek syn wiete spoaren
ûnder loften sûnder iepening
foar romjend waaien troch it noarden
nei it easten, dat it hoopjend laach
fersonk ta depressiveling.

Image

De hoop belibbet by ’t lemieren
’t reade gloeien fan in kâlde wyn,
’t ûnthjit fan spanning yn de spieren,
hege druk, ûntlading op ‘e laach
dy’t glidend liedt de fierte yn.

Image

It ljocht strykt fuort de lêste skaden
foar de skientme fan de winter wei
en lûkt oer ryp en iis de paden
dy’t rinne oer in fierste tinne laach
op dizze febrewarisdei.

Image

admin

Handikapt

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wylst erupsjes fan de sinne
jouwe ljocht en enerzjy,
is ’t iene plak yn harmony
mei minsken dy’t de hichte kenne
en it oare flokt de melody
fan motors dy’t min rinne.

Image

Feestlik moat de kotter lykje
oan it anker fan de hoop
mei neat bysûnders te ferlykjen
as de himel troch de teleskoop.

Mei gjin sifer en gjin letter
laadt de flok de akku’s op,
gjin fonk springt oer it boaiemwetter,
wa’t it lijen treft, dy hat in strop.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum