Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Johan Rudolph Thorbecke

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Johan Heinrich Neuman*

Image

As jonkje fielde hy wat earmoed wie,
want Johans heit wie faak wurkleas,
fan Dútske kant kaam dan de stipe,
de grûnslach dat er foar de stúdzje keas,
de kâns koe hy sa gripe.

De Grûnwet waard foar him it stúdzjedoel,
net sa’t dy wie, mar wurde moast,
’t gewoane folk kaam yn de knipe;
de grûnslach wie: de macht is oan de foarst,
gjin kâns om dy te gripen.

Dy kâns kaam mei de revolúsjegeast:
fuort mei de keninklike macht,
in geast dy’t troch Europa ware;
de foarst sloech om, dreau glimkjend yn ien nacht
op liberale baren.

Doe kaam Thorbecke mei syn wetsûntwerp,
dêr’t nei de omslach grûn foar wie,
de koers dêr’t Nederlân op farre
koe; kening Willem, hastich út ‘e rie,
is rap yn ’t grêf bedarre.

* Johan Heinrich Neuman (1850-1890)
Skilderij ‘Portret fan Johan Rudolph Thorbecke’

admin

Sike jirpels

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

As genôch te keapjen is,
dan komt it iten yn de tas
en rekket elkenien wol sêd,
mar is it krap, dan giet it mis
en slacht it folk der fûl op los.

Mear as oars kaam sykte foar,
op ’t plattelân en yn de stêd,
mar ek de jirpels rekken siik,
de honger rûn fan doar nei doar
en hieltyd rapper waard syn trêd.

Grut wie ’t lijen fan de Ier:
gjin jirpel kaam mear fan de bou,
gjin boer hie sinten foar de pacht,
gjin fretten wie der foar it dier,
gjin iten mear foar bern en frou.

Wa koe telle oant miljoen?
Allinnich mar de neare dea,
dy’t flitsend fleach fan doar nei doar,
dêr’t hy ek mannich sike fûn,
want tyfus taaste oan de lea.

* Yllustraasje ‘Breareboelje’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum