Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Amper djipgong

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Dêr leit er foar Bonaires kaai,
de motors rinne noch, mar út it wurk,
lykas de trijetûzen op ‘e dekken,
dy’t foar ûntspanning farre mei,
al dagen ûnder ’t skjinne swurk.

Sa koerst it cruiseskipwrâldsje nei
ûndjiptes, spegels fan ’t matearjefolk
dat ek net djipper stekt as kiel en mage,
de loads wiist op Bonaires kaai,
dêr’t gjin ferlet is fan in tolk.

Se swalkje knauwend oer de kaai,
net folle fierder, foar in sûvenir,
mei trijetûzen leit it skip wat djipper,
de eigen djipgong wiist noch faai,
Bonaires loads helpt ek gjin sier.

Image

admin

Stânsferskil

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Foldien sit hy op ’t strân,
de mage fol mei grom;
wat fiskers fuortdien ha,
kriich hy út earste hân
yn ’t krop, dêr kaam er om
en koed er bêst mei ta.

It strân is foar syn nocht,
dus baait er yn de see
en tagelyk yn ’t ljocht.

Image

Mar sy ha noch gjin kar:
as swarten op it wyt
moat elk mei minder ta,
want ticht leit noch it far,
hoewol’t de snie al slyt…
it griene lokket sa.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum