Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Poalklimaat

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

As in steunpeal boppe ’t iis
sa wis, want sjoch, ’t is stjerrend wier
en kâld yn ’t lêst fan maart:
in nije wintertiid, it is in griis,
in poalklimaat troch ’t hiele jier.

Waarmet sa de ierde op?
Profeten krije gjin gelyk,
want sjoch it aard fan maart:
in nije wintertiid, mar is ’t in strop?
Ferhege wurdt gjin polderdyk.

Peallen wize nei it far,
noch iepen foar de peaskefloat;
sels yn dit poalklimaat
tsjocht op it Dútske bloed, der is gjin kar,
want farre sil de Fryske boat.

Image

admin

Oare tiden

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De Davidstjer, seis siden,
fûnemint fan ’t joadske folk,
ferwizing nei de himel;
ik rin der hjoed net oan foarby,
want dit gehiel wurdt my ta tolk
fan oare tiden.

Ik sjoch de steapel tûken
brânen, byld út earder tiid:
twa hellen: gas en jiske;
ik rin der hjoed net oan foarby,
fiel mar ien side fan de striid,
hoe’t siken stûkje.

Ik sjoch de stjer ferrizen
tusken tûken sûnder blêd,
it stiel begjint te glânzjen;
ik rin der hjoed net oan foarby,
ferbyldzje my de fredesstêd,
in wrâld fan wizen.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum