Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Dûbelshow

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se wiene yn deselde berm,
de swiere jonges en it lichte spul,
de iene docht it mei de earm
en fynt in wjuk mar flauwe kul.

Image

It gers wie toar, it kaartsje skier,
mar dúdlik is: net sûnder koarte broek,
de swiere jonges goaie fier
en binne yn it showen tûk.

De rôze fleur fan blommen loek
it spul dat dûnsjend oer it bermgers fleach,
natuerlik showend sûnder broek
en foar reklame ek gjin each.

Image

admin

Om it hûntsje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De knal klonk lûd oer wiet en gea,
want flessegas kroep troch in lek
en fjoer stiek doe de brân deryn,
it hûntsje gisele fan ’t dek
en trille oer de hiele lea.

Panyk, kontakt mei ien-ien-twa,
doe trije putsen op it fjoer,
sirenes oer it wiet en gea,
twa slangen, mar de brân wie oer,
lykwols it hûntsje gûlde sa.

It libben rekke yn balâns
op ’t bankje by in sigaret,
in frijend pearke nêst in fyts,
mar mei it hûntsje woe it net,
dus kaam de diere-ambulânse.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum