Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Brân

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It is de brân dy’t ivich duorret,
net te mjitten yn it minskebrein,
it fjoer dat flammen smyt yn it hielal,
it each kin heine striel noch stal,
giet ticht, dat is de ein.

It is de moarntiid dy’t koart duorret,
yn it swart fan beammen lôget fjoer,
wylst reek as kleed oer grûn en wetter leit,
wat neat noch oer de jûntiid seit,
de dei is noch net oer.

It is de strielekrâns dy’t ljochtet
op ‘e grins, by libben noch of dea,
wylst achterbliuwers stoarje nei it swart,
betinke dat de dei wie koart,
’t hielal wurdt moarn noch neat.

Image

admin

Aspiraasjes

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Elk hat yn ’t libben wol in doel
dêr’t hy syn enerzjy yn stekt,
de ien wurdt waarm, de oar bliuwt koel,
gjinien wol dat er him ferrekt.

Image

Hy hat it op technyk, it stiel,
en hâldt syn lykwicht op ien poat,
mei krekt dy rek is ’t in gehiel
dêr’t hy foar syn gefoel mei scoret.

Foar master slacht hy op ‘e top
fan ’t grien en skreaut syn heechste yell,
de tophit yn de reagerpop,
en sjocht ferrekt op oaren del.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum