Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Moarntiidsfûgel

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It tsjuster waret yn it rûn
fan beam op beam as einbeslút
want wetter lûkt it ljocht al oan
troch wite walen hinne
dy’t bedekke noch de bleate moarn,
mar sjoch, de dei slacht al de wjukken út
by ’t opgean fan de sinne.

De fûgel lit syn fearren sjen,
in flokpatroan tsjin ’t djippe blau
dat noeget nei ûneinichheid
troch al ’t beheinde hinne
as it lok fan brêgeman en breid,
sa fljocht de fûgel oer de walen dau,
de kop al yn de sinne.

Image

admin

Stamalarm

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De beammen stiene noch yn ’t grien,
gjin blêd wie yn sân hasten
om as ôfskie wyld te wiuwen
nei de stam, al jierren stien.

It gie by nacht nei koade read,
gjin beam koe dêr omhinne,
elk seach ’t mâle swurk al driuwen
oer de krún, mar dat wie neat.

Image

’t Gie folle mâler mei de stoarm:
nei trije fûle stjitten
koe it grûnwurk it net hysje,
daliks sloech de stam alarm.

Fan krún oant woartels lei er plat,
it swurkwurk tsjin de ruten,
fan mobyl nei jûnsedysje,
dat wie rap de beam syn lot.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum