Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Godlik sweve

Keunst
PDF Print E-mail
fan William Turner*

Image

Hy wie noch jong en woe wol wat,
it paad lâns nei in hichtepunt
mei eagen dy’t de wrâld ynseagen,
’t libben as in kontinue stunt
en oan de ein de ierdske god.

Sa reizge hy de wrâld yn ’t rûn,
it paad fan eigen bylden lâns
om’t eagen ek nei binnen seagen,
’t libben joech him kontinu in kâns
oant hy op ’t lêst de hichte fûn.

Sint Gotthard paste by syn aard,
de trochtocht oer de hege pas;
mei fierderop it krús foar eagen
helle hy syn moedfear út ‘e tas
en sweefde licht troch ljocht en skaad.

Image

* William Turner (1775-1851)
wie in Ingelske skilder
dy’t sechtich jier lang kontinu
keunstwurken produsearre hat.
Skilderij ‘Selsportret’
Skilderij ‘Sint-Gotthardpas’

admin

Libben spul

Keunst
PDF Print E-mail
fan Joseph Wright of Derby*
fan David Klöcker Ehrenstrahl**

Image

It wie de ieu fan de foarútgong:
wa’t net fleanend siket, ek net wint,
lang libje it eksperimint
fan ’t hearskip mei de luchtpomp.

In pappegaai moast it ûntlije,
trouwe fûgel mei it minskelûd,
foar ’t pompefleanen ek wol goed,
hy soe him hymjend wije.

Wa’t woe koe ’t pompen observearje,
hoe’t de fûgel yn ’t luchtlege fleach;
al barde ’t mar mei ’t rjochtereach,
elk seach him triomfearjen.

De proef rûn nei de ein en draaide
nei in leech sukses as earder nea,
mar sjoch de pappegaai wie dea
en ’t hearskip pappegaaide.

Sjedêr it spul fan pappegaaien,
wylst de apen binne yn de klim,
sy hawwe by de swarte stim
en neat oer him te kleien.

Image

* Joseph Wright of Derby (1734-1797)
wie portret- en sjenreskilder.
Skilderij ‘Eksperimint mei in fûgel yn in luchtpomp’

** David Klöcker Ehrenstrahl ( 1628-1698)
Skilderij ‘Neger mei pappegaaien en apen’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum