Ut it skûtsje-argyf 1974
It rûze yn de skûtsjewrâld
as fan in koeltsje nei in wynkrêft sân:
‘Men wol wol ha dat Ulbe Zwaga
foar it lêst it skûtsje stjoert, te âld,
hy hat syn tiid sa njonkelytsen hân.’
De Grousters blaasden fan de toer:
‘In kampioen, fan hâlding in baron!’
Mar oaren fûnen Ulbe Zwaga
heech fan hert as wied er heareboer
en oan de bûtenkant in blok beton.
Sels bleau de skipper lakonyk:
‘Wurdt sein, hy is te âld, dan wurdt it tiid.’
Datselde jier foer Ulbe Zwaga
leech fan hert, foar oaren bûnt en bryk,
mar kaam as boer-baron wer yn de striid.
|