Ut it skûtsje-argyf 1974

De boei as teken yn en om it fjild,
hjir moatte jim omhinne
of oant hjir, net fierder,
lykwols alle tekens kostje jild.
It teken fan de tiid wie bûten wet
in eigen wei te rinnen,
boeien dy’t net jilden,
dêr hat wol de wetterrôt mei ret.
Hy loek mei ’t anker ek it teken op,
wist wol fan hjir en fierder,
fluch der mar omhinne,
read betsjut foar ’t bollefolk net stop.
Hy gie net mei syn bollen út ‘e wei,
rûn om syn kruser hinne,
dat oant hjir, net fierder,
elk koe sjen hoe feilich oft er lei.

|