Ut it skûtsje-argyf 1973
Seis oere op dy freedtemoarn,
de dei fan wa wurdt kampioen,
stie in kandidaat te meditearen:
hoe kaam er by de finish oan,
de start soe it wol leare.
It waar joech him wat stiltsjes oan,
de fraach wie wa’t de twirkes wûn,
dy waard winner, kampioen mei eare:
kriich Jan* of Loadewyk** de kroan,
de striid soe it wol leare.
De start wie letter as gewoan
en learde dat geduld sa sûn
wol wie as te swarren en te bearen:
Jan prate op bedaarde toan,
de tiid soe it wol leare.
De striid joech him net spannend oan
en learde dat de Pan wol rûn,
troch gjin lûde Loadewyk te kearen:
sa wie foar Jan de start al skoan,
de finish soe it leare.
|