februari 6, 2017
Se binne faak manmachtich,
skrasse har de strôte heas,
ek froulju ha in grutte snaffel,
dy’t trochgiet mei swartgriis foar kreas;
se tinke dat se skrander binne,
ek lykwichtich op it stielen stek,
fleksibel, mar ’t is earder jachtich,
sosjaal wol sizze ‘do bist gek
en kinst net fan my winne’;
heech hat hy syn skrassend krop,
syn wjukslach raast it earst om fretten,
klapt foar himsels, sa nei de top.
Hy is it leafst allinne,
solo hat er alderearst
de romte foar syn skerpe snaffel,
dy’t ûnder wetter fangt it meast;
fanút de djipte nei de hichte
fljocht er foar in folle rommer sicht
as swarten dy’t koartsichtich binne
en yn de harsens fierste licht,
net witte fan de swiere plichten
fan syn wjukslach, flues en krop,
mar fan ’e moarn hat hy besletten
om op te fleanen nei de top.
augustus 26, 2024
augustus 19, 2024