De Wjukslach hat syn lêste slaggen makke,
is del- en lamslein, leit bedobbe ûnder stien,
syn geast fan frijheid doarmet noch, ferswakke
mar net ferslein bewjukkelt er wat is ferdien.
Wat hat er noch te sykjen tusken stiennen
dy’t ôffierd wurde yn de kisten fan metaal,
de jierren strike oer de púnheap hinne,
it teken fan de stienbrek sprekt gjin minsketaal.
De geast fljocht dêrom fierder, net beswierre
troch ’t pún fan minskehân dat mei de tiid ferdwynt,
syn wjukslach draacht him nei de kleare fierte
dêr’t frijheid yn de minske syn gelikens fynt.
|