Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Frijheid

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

In houten peal beknotte,
him sa kommend op it sear,
in teken yn De Potten,
dêr’t de doar earst iepen stie
foar ’t boppe-wetter-libben,
alle simmers tûzen kear
deryn en -út, de azem
fan wat earder frijheid wie.

De arke fan de peallen
los, dan fuortsleept, sûnder stim
om ’t tij op tiid te kearen,
sels gjin drompel stuite him;
de wâl koe noch fertelle
fan de wite optimist
om frijheid yn te learen,
dy’t fan gjin arke wist.

Image

In wite flinter dwarlet
oer de poel de frijheid foar,
lang los fan wat der skarrelet
slepend yn it skomjend spoar
dat minsken hastich lûke,
tel op tel, fan sjoch en doch,
oant him de siken stûkje,
wylst de flinter dwarlet troch.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum