Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tsjinst fan de broers

Religy
PDF Print E-mail
Tsjinst op 6 maart 2016 yn Hegebeintum
Nieuw liedboek

Image

1. Tarissing

Wy binne op snein Laetare by elkoar kommen
om te fieren dat de heit fan twa soannen
opropt om bliid te wêzen.

Laetare: Wês bliid mei my.

Sa soe it wêze moatte:
as bruorren en susters yn harmony mei elkoar libje.
Mei dizze oere dêr in teken fan wêze.

Mar ferhalen en de werklikheid leare
dat harmony soms wreed fersteurd wurdt.
Dochs klinkt it lûd fan de heit troch: Wês bliid mei my.

Wy roppe de Heit yn de himel oan,
dy’t oan it begjin stien hat
en noch altyd syn wei mei ús giet
fan de berte oant de dea,
syn wei is oant yn ivichheid.
Amen

2. Sjonge
Liet 280: 1, 2, 3 en 4

3. Gebed

God, ús Heit, dit hûs dat al iuwen en iuwen
op dizze terp stiet,
de tsjerke dy’t stoarmen treast west hat,
dêr’t generaasje op generaasje yn harke en songen hat,
God, ús Heit, rop ek hjoed jo namme oer ús út,
dat himel en hert tagelyk iepenteare,
de himel dêr’t de geast útgiet,
ús hert om ynspiraasje op te dwaan foar in nije wike.

God, ús Heit, it falt net ta om yn it geweld fan dizze wrâld
oerein te bliuwen.
Wy hearre fan oarloggen en flechtlingen,
fan moard yn de striid tusken bruorrefolken,
Kaïn en Abel,
fan bedroch om it bêste part te bemachtigjen,
Ezau en Jakob.
Jou ús de krêft om net allinnich oerein te bliuwen,
mar ek om yn jo namme op te kommen foar rjocht en frede.

Yn ús libben op lytse skaal rint it net altyd sa’t wy graach wolle.
Wês mei ús yn dagen fan ferwidering,
yn wiken fan sykte,
yn moannen fan iensumens,
yn jierren fan it lange wachtsjen op feroaring.

Dat elk fan ús jo antlit sjocht yn de lytse en grutte feroarings.
Want dan krije wy op ús libbenspaad wer moed en sterkte.
Amen

4. Sjonge
Liet 280: 5, 6 en 7

5. Ynlieding

Broers… as dat wurd klinkt, lit ús dan tagelyk oan susters tinke. Yn ús tiid, dêr’t lokkigernôch manlju en froulju, jonges en famkes yn Nederlân by de wet lykweardich binne, mei gjin sprake wêze fan broers boppe susters.
Op grûn fan de bibelferhalen sille de broers fan ‘e moarn wol it heechste wurd ha oant it safier by guon komt dat de iene de oare broer it swijen opleit.

Dat hat nea it gefal west by de bruorren Anker, yn Nederlân twa fan de bekendste advokaten. Dizze ienaaiïge twaling hat sawat in hiel libben goed oparbeidzje kind. Soe dat te krijen ha mei it feit dat se by wize fan sprekken út itselde oarspronklike aai kommen binne? Gelyk nei lichem en geast. As deselde geast yn itselde lichem ferkeart, dan kinne de broers nei alle gedachten elkoar goed oanfiele. Se binne op elkoar ôfstimd, sprekke mei deselde stim, de stimmen klinke harmoanysk en it liet dat dan songen wurdt, klinkt prachtich.

Image

Wy hawwe in buorman hân dy’t ek ûnder de kategory fan de ienaaiïge twalingen foel. Sawat in hiel libben hiene se tegearre de leiding oer in eigen saak. Der sil grif wolris wat west ha, mar se proasten elkoar by wize fan sprekken wer frede ta mei in drankje út deselde boarne. Doe’t de broer fan ús buorman in fatale hertoanfal krige, gong de noch libbene fan de twaling nei it sikehûs mei it fersyk om daliks opnommen te wurden, wat syn rêding wie. Hy hat noch sawat tweintich jier libbe.
De ûnderlinge ôfstimming tusken twalingen is der dus yn goede dagen, mar kin der ek wêze op in minder goede dei.

Hoe sit dat mei ‘gewoane’ broers (en susters)? Om’t se út deselde âlden fuortkomme, ha se foar in part deselde genen. Dy genen kinne der dus foar soargje dat broers en susters it goed mei elkoar fine kinne. Se fine yn elkoar foar in part deselde geast.
Mar dy oare genen kinne derfoar soargje dat de broers elkoar minder goed lizze, soms elkoar net lije meie en soks soarget faak foar lijen.

De Bibel hat dêrfan in pear sprekkende foarbylden en brûkt dêrby de tsjinstelling âldste en jongste:
Kaïn en Abel
Izaäk en Ismael
Ezau en Jakob

Wy begjinne mei KaÏn en Abel, Izaäk en Ismael, Ezau en Jakob om út te kommen by de âldste en de jongste broer mei in heit dy’t fan beide likefolle hold.

6. Sjonge
Liet 654: 1, 2 en 3

7. Ferkundiging 1
Kaïn en Abel
Wat kinne wy dêr noch mear oer sizze as dat de âldste broer de jongste deasloech, nei it iten fan de frucht fan de beam fan goed en kwea wie dat de twadde beskreaune sûnde. De apel falt dus net fier fan de beam.
Sis net dat Kaïn minder hurd wurke as Abel, want hy stie mei beide fuotten yn de Mesopotaamske  klaai: de grûn bewurkje, siedzje en rispje. Koe syn broer Abel as hoeder, wannear’t de skiep har nei it fretten deljûn hiene, him ek net efkes deljaan?
Sis net dat Kaïn in skeamel boskje nôt op it alter lei, want syn rispinge koe sprekken lije en syn offer wie net minder wurdich as it offerlaam fan Abel.
Sis net dat de Heare God Abel heger achte as Kaïn, want nei’t de offerreek fan de âldste broer by de grûn hingjen bleaun wie, waard Kaïn mei bûgde holle fanút de hichte oansprutsen út goederbêst: ‘Ast it goede dochst, dan kinst de holle wer opstekke.’

Nee, sis dy trije sinnen net, mar lit ús sizze dat, hoewol’t wy djip rekke binne troch de moard op Abel, wy yn ús djipste wêzen ek wol wat fan Kaïn ha. De jongste broer sit ús yn it hert, de âldste sit by ús yn in tal genen.

Image
Bartolomeo Manfredi

Ik lês it ferhaal yn dichtfoarm:

Kaïn en Abel

Hy stie mei beide fuotten op ‘e grûn
en skôge oer it weagjend nôt,
de bou dêr’t hy sa grutsk op wie,
hy wurke fan de moarn oant lette jûn
en rispe tweintichfâld.

Hy rûn de dei troch mei syn keppel op
en koe it weidzjend hear oersjen,
de dieren dêr’t er noed foar stie,
geregeld striek er lammen oer de kop,
der gie gjinien ferlern.

Se leauden beide yn har âlders God
en brochten tank mei ’t offerfjoer,
dêr’t reek de tekentaal fan wie:
de bouboer moast it dwaan mei ’t delslaand lot,
de hoeders reek hie doer.

Hy stie mei beide fuotten op ‘e grûn
en sloech syn broer wol tweintichfâld,
de risping dêr’t er doe foar gie,
hy hie, tocht er, syn delslaand lot oerwûn,
syn broer lykwols wie kâld.

Ismael en Izaäk

Beide wiene soannen fan Abraham, mar se hiene net deselde mem. De slavinne Hagar wie de mem fan Ismael; Saraï, de frou fan Abraham, wie de mem fan Izaäk. Ismael en Izaäk wiene dus healbroers.

Sis net dat Ismael as slavesoan minderweardich wie oan Izaäk, want hy wie ek de soan fan stamheit Abraham.
Miskien hie Ismael wizer wêze moatten, want hy wie wol tsien jier âlder as Izaäk, mar hy wie noch net folwoeksen doe’t er lytse Izaäk útlake.
Sis net dat it ferkeard ôfrinne moast mei Ismael, om’t er troch Abraham fuortstjoerd waard, de woestyn yn, want de Iene joech de belofte dat út him ek in grut folk fuortkomme soe.

Image
Gabriël Metsu

Lit ús wol sizze dat wy yn ús djipste wêzen ek wat fan Ismael ha, it langstme nei aventoer, de wrâld yn om te ûntdekken wat yn dy sit.

Hjir komt earst it ferhaal fan Ismael yn dichtfoarm en dêrnei sjonge wy it ferhaal fan Izaäk:

Ismael

It libben is foar Ismael,
dat fielde Hagar oan,
sy joech har net by ’t lijen del,
wist wis: ik krij in soan;
dat hie de ingel tsjin har sein
doe’t sy gjin útkomst seach:
‘Kom, mem fan Ismael, oerein,
hâld dit ûnthjit yn ’t each.

It libben wie foar Ismael
al by de earste skreau,
syn lûden skel, syn eagen fel,
de earste drokte bleau:
mei pylk-en-bôge yn de wear
skeat hy de dieren del
en wie rap mei it strûpen klear,
sa wie dy Ismael.

It libben liet ek Izaäk
’t ferrin fan dingen sjen,
hy krige oan de tafel plak,
wie net mear tatebern,
mar Ismael skeat op him ta,
lei gnyskjend ’t broerke del,
hy moast it fan it sjitten ha,
sa wie dy Ismael.

Sjonge
Liet fan Izaäk
Wize: Liet 440 út it Lieteboek foar de tsjerken

Gjin twivel mear, hy sil gau komme,
it lange wachtsjen is foarby,
it gnyskjen is de mem ûntnommen,
it folút laitsjen stiet har frij,
it berntsje krijt in skoander plak,
dus laket elk foar Izaäk.

Gjin twivel, fan it boarst ôfkomme,
de tosken dogge no it wurk,
foar ’t jonkje wurdt de wrâld ferromme,
hy libbet ûnder ’t wide swurk,
it gnyskjen makket him net kjel,
hy is te jong foar Ismael.

As memmesoan is hy allinne
en fantasearret him in maat,
hy boartet hoeder yn de sinne
en bringt in lamke yn it skaad,
dus krijt it dier in skoander plak,
sa is de aard fan Izaäk.

Ezau en Jakob

Image
Matthias Stom

Se ha al foar de berte fochten wa’t earst út ‘e memmeskurte komme soe. It slagge Ezau en Jakob kaam him by wize fan sprekken ‘op de hielen’: hy hie de hakke fan Ezau fêst. Dêr wiene se dan: de twa-aaiïge twaling fan Izaäk en Rebekka.

Sis net dat Ezau letter thúsbliuwe moatten hie, by de skiep fan heit Izaäk, want hy hie it aventoer yn it bloed en woe op jacht.

Miskien hie it wol wizer fan Ezau west om foar ûnderweis in pear stikken bôle mei te nimmen, want sa’n jachtdei fret enerzjy en Ezau smoarde tsjin de jûn fan de honger.

Sis net dat Ezau syn earsteberterjocht net ferkeapje moatten hie foar in board linzesop, want op dat stuit wist er amper wat er sei, sa dwyl wie er yn de holle.

Hie Ezau sa leafdefol wêze moatten om syn broer te ferjaan nei’t dy by de heit de rol fan jager spile hie om syn âldste broer de seine te ûntstellen?

Sis dat net, want yn ús djipste wêzen ha wy wol wat fan Ezau: de spanning fan de jacht, ympulsyf reagearje en as se ús in poat útdraaie, dan…

Hjir komt it ferhaal fan Ezau en Jakob yn dichtfoarm:

Ezau en Jakob

Izaäk, de âlde heit
fan twa folwoeksen soannen,
murk de ein is hast in feit,
faak trillen him de hannen.

Ezau as de âldste soan
liet him as jager jilde,
brocht by heit syn wyldbút oan
nei ’t swalkjen troch de fjilden.

Mem Rebekka hie it troch
en liet it Jakob witte:
‘Heit syn seine, no kin ’t noch,
ik sil dy ’t fel oanmjitte.’

Jakob kriich sa Ezaus hûd,
kaam ûnder heit syn hannen,
mem Rebekka hie har moed:
de jongste fan har soannen!

Image
Govert Flinck

8. Sjonge
Liet fan twa broers: 1, 2, 3, 4 en 5
Wize: Liet 23b

De Hear wie har Hoeder
al yn it begjin,
sy libben as bruorren
en dielden de skuorre,
der wiene gjin noeden,
it libben hie sin.

Mei’t jierren ferrûnen,
kaam ek it ferrin
fan ’t libben as brourren,
ûntstiene der skuorren,
dy’t waarden ta wûnen,
der wie gjin ferwin.

Sjoch Abel as hoeder
en Kaïn as boer,
sy seagen as bruorren
dat grime haat fuorre
en nei in tal klappen
wie ’t libben wol oer.

Troch Ismaels gnyskjen
waard Izaäk kjel,
it libben as bruorren
hat net sa lang duorre,
de gnysker moast stappe
de hichte by del.

Sjoch Jakob as hoeder
en Ezau op jacht,
de kleau tusken bruorren
soe ’t heitehert skuorre,
de âldste kriich ’t krappe,
de jongste foar acht.

9. Lêze
Lukas 15, 25-32

10. Ferkundiging 2

Kaïn, Ismael en Ezau, alle trije âldste soannen, alle trije ek soannen mei in ympulsyf aard. Ismael docht as foech jonge noch net folle kwea: hy laket de lytse Izaäk út. Ezau kin nei it bedroch fan Jakob syn broer wol fermoardzje, sa grimmitich is er. Kaïn begiet wol in moard op broer Abel.

Nee, dan de âldste broer yn de gelikenis dy’t Jezus fertelt. Sis net dat dizze broer ympulsyf wie, krekt oarsom. Nea wiene de ympulsen sa heech oplôge dat er it yn de holle krige om ôfskie te nimmen fan de âlderlike buorkerij om de wrâld yn te gean. Bist net wiis, hy wie wol wizer en tagelyk ûnderdienich oan syn heit. Soan en tsjinner tagelyk, koe it better?
Sis net dat by him yn de djipte gjin ympulsen omdoarmen. Miskien benijde hy syn broer wol dat dy syn ympulsen folge, mar dat soed er nea tajaan. It is de fraach oft er him bewust west hat fan dy jaloerskens. Wat by in minske yn it ûnbewuste omgiet, hat er gjin weet fan.
Hy seach, wylst er him it swit fan de foarholle fage, syn broer achternei en skodholle allinnich mar: sa’n swankebast mei in ûnhillige driuw, nee dan hy as soan-tsjinner, dy’t it bedriuw fan syn heit draaiende hold.
Frjemd dat er, wer mei it swit op ‘e foarholle, syn broer net weromkommen seach, want dan hie er wer skodholle. Sjochst wol, dat komt no fan dy ûnhillige driuw, folslein yn de lytse loege rekke. Dan hy, dy’t de skeaven nôt heech oan it oploegjen wie.
Doe’t er fan ien fan de feinten hearde dat der feest fierd waard fanwege de thúskomst fan syn broer, goaide er de kop yn de nekke. Nee, der foel neat te gnyskjen, lykas Ismael dat dien hie doe’t syn broerke fan it boarst rekke. Hy pakte ek gjin bôge, lykas Ezau, om syn broer in pylk achternei te sjitten. Of in stôk om te moardzjen, lykas Kaïn.
It iennige wat er die (no litte wy de wurden dy’t sprutsen waarden efkes bûten beskôging), wie de kop yn de nekke goaie doe’t syn heit him frege om deryn te kommen. De kop yn de nekke, in nekke dy’t sa stiif wie as de stôk fan Kaïn.

Image
Rembrandt

In broer as swankebast en swalker of in broer as wrotter mei in stive nekke… wêr giet dyn sympaty nei út?

Sis net… klonk in tal kearen by Kaïn, Ismael en Ezau, de âldste broers.
Sis net dat wy neat wat fan harren ha, hoewol’t ús hert útgiet nei Abel, Izaäk en dochs ek wol nei Jakob, om’t dy as jongste en as hoeder de seine krige.

Soe it net sa wêze dat djip yn ús de jongste en de âldste broer beide in rol spylje? Dat wy ús as goede boargers o sa ferantwurdlik foar it bedriuw fiele, mar ek de driuw fan de frijheid yn ús fernimme?
Gustave Jung, in bekende psychiater yn de earste helte fan de tweintichste ieu, neamde de bylden yn ús djippere laach archetypen, dy’t al besteane salang’t der minsken op ierde libje. De âldste en jongste broer hearre dêr ek by. Beide binne typen dy’t yn ús sitte.
As de âldste en jongste broer yn ús beide har rol goed spylje, ferantwurdlikens en frijheid, dan binne wy yn harmony. As wy ferantwurdlik wêze wolle foar ús neisten, dan kinne wy ús oprjocht frij fiele.

It wie Jezus, minskesoan en Soan fan God, dy’t it prachtige ferhaal fan de beide broers fertelde. Yn Jezus syn djipste wêzen wie tusken dy beide soannen harmony. As minskesoan wie Hy by wize fan sprekken de broer fan minsken fan allerhande slach, it measte noch fan minsken yn de lytse loege, fan de ferlerne soannen en dochters yn de wrâld.  As Soan fan God wie Hy by wize fan sprekken broer fan de geast, dy’t Him hillich wie en ynspirearre om syn missy foar syn broers en susters op ierde oant de ein ta te folbringen. Dat wy lytse broers en susters fan ús grutte broer Jezus wêze meie.
Amen

11. Oargelspul

12. Sjonge
Liet fan de broers: 6, 7, 8 en 9

In heit hie twa soannen,
sa giet it ferhaal,
it wiene wol bruorren
salang oft it duorre,
mar ieten dy mannen
op ’t lêst út ien skaal?

De âldste woe bliuwe,
de jongste wol fuort,
de heit joech it erfdiel
foar brochje en jûnsmiel,
sels woed er noch priuwe
wat kaam op syn board.

Salang oft it duorre
wie ’t feest foar de soan,
hy kaam by de bargen
en rekke fersmoarge,
hy tocht oan de skuorre,
de thúsreis foar moarn.

Image

De heit waard wer hoeder
fan wa’t wie ferlern,
mar wêr bleau de âldste…
syn hert wie it kâldste,
wat djip yn him woede,
wie oan him te sjen.

13. Us Heit

Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

14 Sjonge
It liet fan Hegebeintum: 1, 2 en 3
Wize:Liet 280

De hichte is in suver plak
sa’t Hegebeintum leit,
hjir ûnder ’t himelskblauwe dak,
wat alles steefêst seit.

Lit al it folk hjirhinne gean,
de oekumene yn,
dan sil de hichte wêze ’t lean,
de geast waait as de wyn.

As Hegebeintum wurdt it hôf
fan Eden, it model
fan sjongend folk de Hear ta lof,
dan komt de seine del.

15. Seine

As bruorren en susters fan de oekumene
geane wy wer by de terp del op ‘en paad nei hûs.

Wy meie meinimme de seine fan God de Heit,
de leafde fan ús grutte broer Jezus
en de ynspiraasje fan de Hillige Geast.
Amen

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum