Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tsjinst fan de twillingtiid

Religy
PDF Print E-mail
Tsjinst op 31 desimber 2013 yn Terkaple

Image1. Tarissing

Wy fiere de tsjinst fan de twillingtiid
op dizze Aldjiersjûn,
de ôfsluting fan in gewoan jier?
Wolnee, alle jierren binne bûtengewoan,
want de tiid dy’t troch in jier hinne rint,
binne wysels as skepsels fan de Iene
en dat is bûtengewoan!

Dêrom roppe wy op dizze bysûndere jûn
de Iene oan, Skepper fan himel en ierde,
dy’t mei de minske meigiet troch de tiid,
ek yn 2014 oant yn it nije Jeruzalem.

2. Sjonge
Tuskentiden 1: 1, 2, 3, 4 en 7

3. Tiidsferrin 1

Image

De tiid rint troch,
de hiele dei al,
it hiele jier 2013,
ieuwen en ieuwen al,
al fan it begjin fan de tiid ôf,
sa’n 14 miljard jier lyn.

Se sizze dat de tiid syn eigen gong giet as soe de tiid in soarte fan yndividu wêze dy’t mei gjinien rekkening hâldt. Mei gjinien? Is der dan gjinien dy’t mei de tiid oprint?
Doe’t sa’n trije miljoen jier lyn it earste minsklike wêzen yn Afrika rjochtop begûn te rinnen,
wie it safier dat der ien mei de tiid begûn op te rinnen: de minske.
Of om it mei de Bibel te sizzen: doe’t de Skepper fan himel en ierde de siken yn de noas fan de earste minske blaasde en dizze Adam oereinkaam en begûn te rinnen, rûn hy op mei de tiid
en makke er de tiid fol mei wat hysels belibbe. De tiid wie gjin lege tiid mear, mar belibbe tiid… de tiid en de minske wiene wurden ta in twilling.

De tiid dat binne wy
en sa’t wy binne,
sille de tiden rinne.

Image

It tiidsferrin fan dizze Aldjierstsjinst sil sa wêze:
– Wy sitte no yn tiidsferrin 1
Ale Hosper sil yn dit tiidsferrin oan it wurd oer syn eigen oprinnen mei de tiid.
Nei Hosper syn útlis komme wy yn de kunde mei Tamar, de skoandochter fan Juda.
– Yn tiidsferrin 2 komt de twilling Ezau en Jakob, soannen fan Izaäk en Rebekka, foar it ljocht.
– Yn tiidsferrin 3 komme wy yn de kunde mei Pêres en Sêrach, soannen fan Juda en Tamar, in twilling dêr’t de measten fan ús noch net mei oprûn binne.
– Yn tiidsferrin 4 komt Preker oan it wurd mei syn twillingtiden:
Der is in tiid om berne te wurden en in tiid om te stjerren.
Us eigen libben spegelje wy op dizze Aldjiersjûn oan de twillingtiden fan Preker.

Ferhaal fan Ale Hosper  

It earste bedriuw fan Juda en Tamar

Juda, de soan fan Jakob en de broer fan Joazef (ûnderkening fan Egypte).
Juda hat it net ta ûnderkening brocht, mar is wol skieppeboer. Neat mis mei fansels, hy is kening fan in keppel skiep. Juda rekket fereale op in Kanaänityske frou en trout mei har.
Har namme is net bekend.

Juda en syn frou krije trije soannen: Er, Onan en Sjela.
Dan nimt Juda foar syn âldste soan Tamar ta frou. Sa gie it yn dy tiid.
Er is net sa’n bêstenien, dat hy hat gjin takomst en stjert.

Juda seit tsjin Onan, syn twadde soan, dat er Tamar nimme moat, dat se in bern krije sil op ‘e namme fan syn âldste broer Er. Sa gie it yn dy tiid: de sweagerplicht skreau foar dat de namme fan de ferstoarne trochklinke moast yn in bern, al wie dat bern net fan himsels.
Onan hat net folle op mei de namme fan syn âldste broer Er. Wol komt er by Tamar, mar foar’t syn sie by har trochsette kin, lûkt Onan him werom.
Dat Onan is net sa’n bêstenien, hy hat gjin takomst en stjert.
Dan is skoanheit Juda dermei oan, want hy wol net dat syn oerbleaune soan, Sjela, de takomst ek ûntsein wurdt. It is noch mar in jonkje, dat Juda komt by Tamar mei it folgjende ferlechje: ‘Gean as widdo nei jim heit syn hûs en wachtsje dêr oant Sjela grut is.’
Mar hy tinkt by himsels: ik sjoch dy nea werom.

Yn it ferrin fan de tsjinst sjonge wy de acht kûpletten fan it ‘Liet fan Tamar’, de mem fan de twilling Pêres en Sêrach. Want har oprinnen mei de tiid is wol hiel bysûnder. It wie as woe de tiid net mei har oprinne. Dus kin se net oars as de tiid rinne litte sa’t sysels yn har djipste wêzen is:

Sa’t ik bin,
sil de tiid rinne.

4. Sjonge
Liet fan Tamar: 1 en 2
Wize: Liet 10 út it Lieteboek foar de tsjerken

Tamar hat harsels net sparre
yn it troch de jierren gean,
’t âlde wurd hat sy bewarre
troch har dieden yn ’t bestean,
nea hat sy har lot beklage,
want sy wist,
ienkear komme blide dagen
nei in list.

Skoanheit Juda hat it witten:
beide soannen stoaren ier,
hy bleau doe mei Tamar sitten,
want de widdo wie net swier;
soe hy har dan wachtsje litte
op in bern?
Heit woe hy net langer hjitte,
’t wie ferlern.

5. Tiidsferrin 2

Lêze
Geneisis 25,22-26

Image

It bedriuw fan Ezau en Jakob

Rebekka har tiid wie leech, want it like derop dat de tiid syn gong gie sûnder bern, dus sûnder takomst.
Izaäk, har man, dy’t de lege takomst oanseach, wist mar ien wei: de wei fan de Skepper, dy’t lucht jaan koe. Syn gebed waard ferheard, Rebekka waard swier, mar se rekke dermei oan doe’t de swierte dûbel begûn te bewegen. It rûn yn har skurte út op in botsing.
Se wist, lykas har man, mar ien wei: de wei nei de Skepper ta: ‘Wêrom bin ik sa?’
Net: ‘sa’t ik bin, sil de tiid rinne’, mar ‘ik reitsje troch de botsing út ‘e tiid’.
It antwurd fan de Iene wie wûnderlik en rûn fier foarút op ‘e tiid: twa folken yn de skurte fan de mem sille troch de tiid hinne eigen wegen gean en de âldste sil de jongste helpe om syn tiid fol te meitsjen. Mei oare wurden: de âldste wurdt de tsjinner.
Doe’t nei njoggen moannen de tiid kaam om de twilling te begroetsjen, ûntstie wer in botsing. Wa gie earst mei de tiid mei? It waard de reade rûge, sa rûch as hied er al in hierrich kleed om him hinne slein. Ezau wie syn namme.
Dêrnei kaam de glêde, dy’t mei syn hantsje de hakke fan de rûge fêsthold. Syn namme wie Jakob, de beetnimmer.
In twilling, twa-aaiïch, wat in ferskil!

Is sa it libben net?
Sa’t se binne, sil de tiid rinne.

Image
Lambert Jacobsz.

It twadde bedriuw fan Juda en Tamar

En hoe rint de tiid fan Tamar nei’t se sûnder bern troch skoanheit Juda fuortstjoerd is?
Nei lange, lange jierren komt de kear. As se heart dat skoanheit widner wurden is, deselde posysje as dy fan har, giet der wat troch har hinne: de libbenstiid is foar him routiid wurden.
As Tamar heart dat de routiid fan skoanheit foarby is, in hiel oare posysje as dy fan har, want sy hat de widdoklean noch altyd oan, lit se it donkere kleed fan har ôfglide: har lege routiid begjint wer libbenstiid te wurden.
En as Tamar heart dat skoanheit yn de buert is te skieppeskearen, strûpt se in kleurich kleed oer de holle en hinget se in wale foar it gesicht. Sy hâldt har libbenstiid troch dy wale noch foar de wrâld ferburgen. Wêrom soe de oar no al witte dat se wer mei de tiid oprint?

Sjonge
Liet fan Tamar: 3, 4 en 5

Tamar siet mei tûzen fragen
yn de wente fan har heit,
dochs koe sy har lot wol drage,
want wat yn de takomst leit,
soe de Iene dat ferjitte…
gjin momint!
Tamar soe wat letter witte:
trochgean wint.

Juda moast syn oanhâld misse,
dat it waard in tiid fan rou,
dêrnei koe hy it wer risse
sûnder of dochs mei in frou;
Tamar wied er al fergetten,
út syn sicht,
hy is nei de skiep ta setten
foar syn plicht.

Tamar kaam it gau te witten:
skoanheit is yn Timna’s gea,
soe sy no noch langer sitte…
’t swarte kleed moast fan de lea;
mei in wale foar it antlit
gie it oan,
op har fragen hie sy antwurd:
sicht op moarn.

6. Tiidsferrin 3

It tredde bedriuw fan Juda en Tamar

Dêr sit Tamar yn har kleurich kleed en mei de wale foar eagen yn de poarte fan Enaïm, de namme dy’t in bysûndere betsjutting hat: boarne fan de twilling.
As sy skoanheit troch de wale hinne skimerjen sjocht, wurdt se gewaar dat er nei har sjocht as wie se in hoer. Dat hat se goed oanfield, want de huorrerinder freget oft hy der by har ynkomme mei.
Foar wat heart wat: in bokje, gjin geitsje dat letter jongen smite kin. Skoanheit wit wat er jout en de skoandochter wit watfoar man sy foar hat, want… hoe kin sy witte dat se it bokje wol krije sil? Is de huorrerinder wol te fertrouwen? Dus freget se him de dingen fan it liif: in halssnoer om him de siken te ûntnimmen, in segelring om him om har finger te winen en syn stôk, dat er syn steun kwytreitsje sil.
As it safier is dat se de dingen fan syn liif brûke kin om har en har posysje bekend te meitsjen, se is swier fan har skoanheit, sjocht Juda yn dat sy better mei de tiid oprûn is as hysels, nammentlik op in rjochte wei: Tamar, syn skoandochter, de rjochtfeardige.
Skoanheit Juda, of moatte wy sizze de man fan Tamar, wit no dat er foar de fjirde kear heit wurdt, mar hy kin noch net witte dat it ek foar de fiifde kear wurde sil.

Sa’t hy is, de plakferfanger fan syn soannen Er en Onan, dy’t gjin bern by Tamar oanset ha,
sa’t hy dus is, sil de tiid rinne: heit fan noch twa soannen.

Image
Ut ‘e Skoalle fan Rembrandt

Lêze
Genesis 38: 27-30

It fjirde bedriuw fan Juda en Tamar

Wat by de poarte fan Enaïm al in namme hie, boarne fan de  twilling, wurdt wier: de boarne fan Tamar streamt oer en foar har poarte wrakselje twa om derút te kommen. Om it hantsje fan wa’t de earste liket te wurden, komt in read koardsje, mar wa’t achter liket te bliuwen, brekt as earste troch. Syn namme is Pêres, trochbraak. De lêste wurdt de earste. Ut him wei sil nei 1800 jier de befrijing trochbrekke yn Jezus Kristus.

Sa’t Pêres is, dy’t as earste trochbrekt,
sil de tiid rinne: nei it bern fan Betlehem, dy’t de befrijing trochbrekke lit.

Sjonge
Liet fan Tamar: 6, 7 en 8

Juda is rap by har kommen,
seach har as in wijde hoer,
wat koe him de rabbers bomme,
al syn soargen wiene oer;
segelring en stôk en koarde
as it pân,
Tamar dy’t de stap oandoarde,
hold sa stân.

Tamar rekke yn ferwachting,
wat bekend waard yn it gea,
Juda hie foar har gjin achting,
hy fûn sy moast hjoed noch dea,
mar troch ring en stôk en koarde,
syn besit,
hat er Tamar net fermoarde,
sa’t elk wit.

Nei ferrin fan njoggen moannen
kaam in twilling foar it ljocht,
Tamar wie as mem de boarne,
dy’t foargoed der wêze mocht;
Pêres, lêste, kaam nei foaren
en briek troch,
heit fan Wa’t de wrâld feroare,
docht dat noch.

7. Tiidsferrin 4

Lêze
Preker 3: 3-8

It bedriuw fan Preker
Bedriuw? Is it wol in bedriuw sa’t wy dat by Ezau en Jakob, Juda en Tamar brûkt ha? Doe hie it de betsjutting fan ûnderdiel fan in ferhaal.
Mar Preker fertelt ús gjin ferhaal. Hy hat ek gjin bedriuw yn de betsjutting fan wurk. Want hy freget as in soarte fan learaar oan syn taharkers: ‘Wat wint ien dy’t wurket mei al syn skreppen?’
Hat Preker dan gjin wurk? As syn belangrykste taak yn it bestean beskôget er it sykjen nei wiisheid. Men kin sizze dat er syn hiele libben nei wiisheid socht hat.

Sa’t ik bin, in siker,
sa sil de tiid rinne: fan berne wurde nei deagean.

Is dat dyn wiisheid op dizze Aldjiersjûn, Preker? Oars neat?
Jawis wol, tusken berne wurde en deagean lizze de twillingtiden:
In tiid om te plantsjen en in tiid om út te roegjen.
In tiid om te skriemen en in tiid om te laitsjen.
In tiid om te bewarjen en in tiid om fuort te smiten.

Twillingtiden, mar dan wol twa-aaiïch, want wat in ferskil!
Like grut as dat tusken de reade rûge Ezau en de glêde Jakob,
tusken de him weromlûkende Sêrach mei it reade toutsje en de trochbrekkende Pêres.

Jawis, Preker, do hast gelyk, wy herkenne op dizze Aldjiersjûn dyn twillingtiden:
Hoe’t wy it ôfrûne jier stiennen socht ha om ússels geastlik op te bouwen
en stiennen fuortsmiten om’t wy teloarsteld wiene yn ússels.
Hoe’t wy praten ha wêr’t better swijd wurde koe
en swijd wêr’t in wiis wurd op syn plak west hie.
Hoe’t wy leaf hân ha dy’t ús leaf wiene
en hate ha dy’t ús op it hert trapen.
Jawis, Preker, sa binne wy 365 dagen troch de tiid hinnegongen om wiis te wurden,
mar oft dat slagge is?
Dosels hast dyselde twivel preke dy’t wy it ôfrûne jier hân ha, want do koest sels ek net altyd mei de tiid oprinne. It is dan wol maklik watst ús foarhâldst, suver in útflecht: ‘Wat God docht, stiet foar altyd fêst: gjinien kin dêr oan tadwaan en gjinien kin dêr fan ôfdwaan.’
Of bedoelst it sa net, Preker? Wy wolle neat oan God syn dwaan ôfdwaan, mar wy bedoele ek dat de tiden rinne sa’t wy binne. Dat it wurk fan ús hannen God  helpt om de wrâld fan 2014 wat better te meitsjen as dy fan 2013. Sadwaande: God, de Iene, yn it ferbûn mei in mannichfâldich minskdom. Want wy leauwe dat fan it begjin ôf oan God en syn skepping in twilling binne.
Noch ien wurd op Aldjiersjûn, Preker, en dêrby brûke wy dyn eigen wurden:
‘Ik ha murken dat neat better is foar de minske as bliid wêze en it der goed fan nimme.’
Wy sille om 12 oere ek op dy drinke, Preker: ‘Proast!’
Amen

Image

8. Oargelspul

9. Sjonge
Liet fan de tiid: 1, 2, 3, 4 en 5
Wize: Liet 397 út it Lieteboek foar de tsjerken

It libben rint mei troch de tiid
en hâldt him dêroan fêst,
it jachtet sa’t dat gauris giet
en fynt noch doer noch rêst.

De dagen drave troch it hûs
en wy der achteroan
mei allerhande by de rûs
en ’t is wer samar moarn.

Mei hûnderttritich rydt it troch
de dei fan ier oant let,
gjinien sjocht mar en greide noch,
ken ek de kalmte net.

De kalmte fiert ús nei it hert
dat kloppet: sa bisto,
de tiid rint op ‘e minsketrêd,
do libbest yn it no.

Wit dat de Iene giet ek mei
de tiden troch, Hy wiist
as wy ferlieze tiid en wei
nei wat op ’t lêst ferriist.

10. Gebed

Wy kinne jûn koart wêze yn ús gebed:
God, Hear, Heit, Iene
of hoe’t Jo ek mar neamd wurde,
Jo hawwe sels tsjin Mozes sein:
‘Myn namme is: Ik bin dy’t Ik bin,
Ik bin derby.’

Wês dêrom mei ús en gean mei ús
troch de tiid hinne, ek yn 2014,
de tiid dy’t wysels folmeitsje meie,
want sa’t wy sels binne,
sil ek it nije jier rinne. Amen

11. Sjonge
Liet fan Micha: 1, 2, 3 en 4
Wize: In spyltúch bin ik yn Gods hân

Jeruzalem, de stêd fan rjocht
yn wurd, mar mear yn died,
ik profetearje fan it ljocht
en wat de takomst biedt:
de flakte giet de hichte yn,
Gods berch sjochst al fan fier,
de dowen sweve op ‘e wyn,
de frede wurdt dêr wier.

Egypte, Moab, Libanon,
hear nei it Wurd fan God,
de hege berch wurdt ta syn troan,
der komt in kear yn ’t lot:
kom, gean mei ús de hichte yn
en bliuw net ûnder stean,
de dowen sweve op ‘e wyn
mei fredesfreon de earn.

Fan Sion gean de Wurden út
op Mozes’ stiennen skreaun,
de frede ken gjin oarlochsbút,
de fijân wurdt ta freon:
in ploech wurdt út ‘e swurden smeid,
de sichte út ‘e spear,
gjin mins dy’t noch de deastek krijt,
der is gjin oarloch mear.

Terkaple, Drylts en Wolvegea,
sjong mei it libbensliet:
genietsje fan it deistich brea,
de wyn dy’t freugde biedt,
dan giesto mei de hichte yn,
Gods berch sjochst al fan fier,
de dowen sweve op ‘e wyn,
de frede wurdt dêr wier.

12. Seine

Wy geane fierder de Aldjiersjûn yn
mei op ‘e oergong útsicht op it hege fjoerwurk
as teken fan swevende dowen op ‘e wyn.

Wy meie der wis fan wêze
dat God meigiet troch de tiden hinne
en ús draacht as wy it swier ha
om wer op fuotten en by de tiid te kommen.
Amen

Image

 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum