Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Liet fan ryk en Keninkryk

Religy
PDF Print E-mail
Wize: Liet 416 út it Lieteboek foar de tsjerken

Image
Rembrandt

Wansillich is de wrâld
as jild de oerhân hat,
want Mammon makket kâld,
de kimen wurde swart;
de nacht falt oer it lân
en tsjuster wurdt de wei,
de macht balt moard en brân
en bringt de krisis mei.

Gelokkich wie er net,
de man fan ryk komôf,
fan neat hie hy ferlet,
bleau oan syn libben trou,
mar dochs wie hy net wis
fan hoe’t it fierder gie,
’t gefoel fan grut gemis
dreau him nei goede rie.

Hy kaam by Jezus oan
en foel op knibbels del,
beskôge him as soan
fan ’t âlde Israel:
‘Wat moat ik, Master, dwaan
foar ’t ivige bestean?
Wol my it antwurd jaan,
jo goedens jildt as lean.’

‘Ik sjoch,’ sei Jezus doe,
‘gelokkich bisto net,
as Ik dy wêze soe,
hold Ik my oan de wet,
dus doch gjinien tekoart
en earje heit en mem,
as dat yn ’t libben bart,
komst yn Jeruzalem.’

‘Gelokkich doch ik dat,’
sa sei de rike man,
‘as jonge liet ik, wat
de wet docht yn de ban.’
‘Ien ding,’ woe Jezus ha,
‘ûntbrekt oan dyn bestean,
do moatst op weijaan ta
en dêrnei mei My gean.’

De rike wie ferslein
en gong mismoedich fuort,
’t besit siet yn syn brein,
it hert wie bûn oan ’t guod;
’t is foar in rike dreech
om yn it Ryk te gean,
de nuddel is te leech,
sa bliuwt er bûten stean.

Sjoch ek: Religy Tsjinst fan ryk en earm

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum