Wize: Tuskentiden 5
Yn de wrâld mei mannich kneppel
slacht geweld foar hoeder op,
wurdt ferstruid de bange keppel,
dy’t ferstiet net mear de rop.
’t Roppen fan de goede hoeder
bringt de keppel op it plak
dêr’t it goed is, want hoe soed er
ek net stean foar har gerak.
God ropt sels wa’t is fersille
by de fiere folken wei,
sil it laam oer bergen tille,
nimt as Hoeder elk skiep mei.
Ikoan nei Domenico Fetti
Mozes hat as hoeder tsjinne
yn it gea fan strúk en fjoer,
learde God syn Namme kennen,
joech him oan de ropping oer.
Mozes soe de hoeder wurde
fan it folk út slavernij,
klear foar ’t miel neffens de wurden
fan God sels: ‘Ik bin derby.’
Jezus hat as Hoeder libbe,
koe syn skiep, dy koene Him;
jong en âld oan Him besibbe,
wurde lutsen troch syn stim.
Berne by in stille keppel
yn de nacht fan Betlehem
op it plak fan liuw en kneppel,
noch altyd klinkt Davids stim.
Oan de ein fan Hoeders jierren
ljochte op Jeruzalem,
dêr hat Pesach iepenbierre
hoe’t it fierder rûn mei Him.
Ikoan nei Leonardo da Vinci
Sa’t wy om de tafel sieten,
ha wy sjoen it brutsen brea,
dêr’t wy mei elkoar fan ieten,
tinkend oan syn brutsen lea.
Doe’t wy nei de tafel rûnen,
foel ús each op bekers wyn,
drinkend fielden wy de wûnen
fan twatûzen jier ferlyn.
Fan in keppel hoeders wurde,
is de ropping fan it Miel,
want dan wurde Jezus’ wurden
yn de wrâld in libjend diel.
Sjoch ek: Religy Tsjinst fan it Nachtmiel
|