In fisker fart it wetter op
om linen út te smiten,
hat geduld en wachtet oant
de fisk begjint te biten.
Syn heak is foar de fisk in strop,
dy giet syn dea temjitte,
mar de fisker, om ’t bestean,
hy kin der net mei sitte.
Tsaddiek, de fikser fan de fonk
dy’t libbet yn de siele,
wurket djipper as foar lean,
syn fiskheak kin ek fiele.
En doe’t de fonk sawat ferdronk
yn seeën fan swier lijen,
loek tsaddiek de fiskheak oan
om rjocht en ljocht te krijen.
Sjoch ek: Religy
Alef, Beet, Gimel, Dalet, Hee, Wav, Zaijn, Chet,
Tet, Joed, Kaf, Lamed, Mem, Noen, Samech, Ajin,
Pee |