De mûle spriek de tinzen út,
in stream salang’t de skepping duorre,
de minske kaam ta einbeslút
en spriek mei moed en muorre.
It moed dêr giet de die fanút
dy’t mei de hoop en leafde fuorret,
de muorre, dy’t de tagong slút,
riist op salang’t it duorret.
Want as Jahweh fan leafde sprekt,
dan giet de skepping op herhelling,
sadat de muorre iepenbrekt,
de do fljocht oer de delling.
Sjoch ek: Religy
Alef, Beet, Gimel, Dalet, Hee, Wav, Zaijn, Chet,
Tet, Joed, Kaf, Lamed, Mem, Noen, Samech, Ajin |