Jordaan, rivier om troch te gean
as fisk yn streamend wetter
dat ornearre is foar syn bestean,
de lucht as azem yn dat elemint
sa fier as de rivier nei ’t suden rint.
Mei Jozua rûn ’t folk dertroch
oer ’t paad foar stilsteand wetter;
Jakobs tolve soannen stiene noch
te wachtsjen oant Gods feint it teken joech,
de holle heech, de fuotten trochgeand droech.
De sinne wiisde oer it lân
it paad nei de belofte,
wylst joech Jozua syn rjochterhân
it teken fan de fisk yn ’t elemint
sa fier as de rivier nei ’t suden rint.
Sjoch ek: Religy
Alef, Beet, Gimel, Dalet, Hee, Wav, Zaijn, Chet,
Tet, Joed, Kaf, Lamed, Mem |