Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tet

Religy
PDF Print E-mail
Image

Slang dy’t linich yn de rûnte draait,
de foarm fan sifer njoggen,
is ’t net tov hoe’t hiel de skepping rint,
oan bernelibben wint
sa’t wy it alle dagen sjogge?

Frucht dy’t feilich yn de skurte leit,
de foarm fan sifer njoggen,
mem sa tusken fjoer en wetter yn,
har geast waait as de wyn
dat sy elkoar gjin kwea mear dogge.

Sara, Rachel en dan Hanna noch
ha wachte, mar gjin njoggen
moannen freugde waard earstoan har diel;
mei bern is ’t libben hiel
sa’t wy it alle dagen sjogge.

Slang dy’t linich yn de rûnte draait,
noch altyd sifer njoggen,
en net ta de kweade frucht ferliedt,
mar ’t bern beskerming biedt
sa’t troch de ieuwen memmen dogge.

Image

Sjoch ek: Religy
Alef, Beet, Gimel, Dalet, Hee, Wav, Zaijn, Chet

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum