En is de minske hiel allinne
op ‘e ierde, ek al iensum yn ’t hielal?
En stjerren binne dôve foar de fal
en watfoar minske brânt him oan de sinne?
En doe ’t it wêzen noch begjinne
moast, wie yn it neat allinne, mar wêr, God
dy’t alles skoep wat komme moast oan bod,
de ierde en de himel om te kennen.
En kenne is it stean en rikken,
froumins as ferbining tusken ierdestof
en himelflam, in dûnsjen God ta lof,
har yn de trije hoeken swaaiend skikke.
En hoe’t twa trijehoeken rinne,
is in himelsk skeppen nei de ierde ta,
de frou tsjut oan it hiele wêzen sa,
de Davidstjer blinkt sterker as de sinne.
Sjoch ek: Religy Alef, Beet, Gimel, Dalet, Hee |