Kamiel, do drager fan de swierste lêsten,
rykdom bringst troch it bestean,
in karavaan fan trije bêsten
hat in lange wei te gean.
Kamiel, de rykdom wurdt al folle lichter
as it each fan God dy stjoert,
dan komsto stadichoan al tichter
by de earme sûnder moed.
Syn biddelsek is leech en hieltyd swierder
wurdt dy, want wêr is de oar
dy’t draacht syn earme lêsten fierder
oer de drompel fan de doar?
Kamiel, do drager fan de swierste lêsten,
draaf de earme achternei,
it each fan God sil op dy rêste,
read wurdt al de nije dei.
Sjoch ek: Religy Alef, Beet
|