Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Liet ‘It giet oan’

Religy
PDF Print E-mail
By Markus 1, 21- 28
Wize: Liet 416 út it Lieteboek foar de tsjerkenWansillich is de wrâld
as jild de oerhân hat,
want Mammon makket kâld,
de kimen wurde swart;
de nacht falt oer it lân
en tsjuster wurdt de wei,
de macht balt moard en brân
en bringt de krisis mei.

Image

Gelokkich is it lân
as froast de oerhân krijt
en ’t folk komt yn de bân
fan wat syn lea befrijt;
de geast striidt tsjin de macht
fan mokerslach en fal,
de dei wint fan de nacht,
de finish skimeret al.

Unsillich is de man
waans geast gjin macht mear hat,
hy rekket yn de ban
fan wat yn ’t tsjuster bart;
de demon narret him
mei mokerslach en fal,
hy skreaut mei brutsen stim:

‘De ôfgrûn skimeret al.’

Gelokkich is de mins
waans geast wer romte krijt
en wjukket oer de grins
mei Jezus dy’t befrijt
fan demons kweade macht,
syn balten moard en brân,
de dei wint fan de nacht,
’t giet oan nei ’t Heitelân.

Image

Sjoch ek: Religy Tsjinst fan kweamachten

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum